1. Farwol (Gurbe Douwstra)

 

“Ride on” is een van de mooiere Ierse ballades en onsterfelijk gemaakt door Christy Moore.

De tekst is in het Fries herschreven door Gurbe Douwstra. Een indringend lied over afscheid. De cello van Froukje en de whistle van Evertjan bezorgen kippenvel. Een mooi openingsnummer van de cd.

 

’t Is wier, do rydst it moaiste hynder

Dy’t ik ea seach

Eagen grien en wyld, fol fjoer

Grutsk en rjocht en stoer

’t Is wier, do rydst de rún sa goed

Mei hânnen as fluwiel

Dochs kin ik nea mei dy gean

Hoe graach as ik dat wolle soe

 

Farwol, leafste

Ik kin dit paad net mei dy gean

Al wol ik it ek noch sa graach

 

Asto nei it tsjuster rydst

Sûnder in inkel spoar

Wuollest my noch yn myn liif

As nea tefoar

Ik stoarje nei it lege plak

Dêr hastû altyd lein

Mar alles is no oer en dien

Alles is al sein

3. Keningsbern (Hylke Tromp)

 

Deze prachtige en poëtische tekst van Hylke is een vertaling van het gedicht “Stolen Child”, en is in 1886 geschreven door de Ierse dichter en Nobelprijs winnaar William Butler Yeats. Het gedicht is gebaseerd op een Ierse legende in een tijd waarin veel kinderen stierven ten gevolge van armoede, zwangerschapscomplicaties en beroerde hygiënische omstandigheden. In deze troostende legende werden kinderen liefdevol door feeën meegenomen naar een onvindbare plek.

Let op het prachtige samenspel van harp, cello, hobo en percussie! Friersk op z’n best.

 

Der’t skaadzjend bosk en klaailân

spegelje yn ‘t wiet

en ‘t griis-blauw griene eilân

oan reagers skûlplak biedt

in foks syn wente socht,

dêr ha wij us kuorren brocht

mei beien read as bloed,

bút foar moarn en hjoed.

 

Kom no keningsbern

om mei nei ‘t lytse lân te tsjen,

dêr’tst nea te finen bist.

Want de wrâld is sâlt fan triennen,

mear as’t begripe kinst.

 

Dêr’t doarmjend wetter krinkelt,

foar hichten op’e rin,

yn puoltsjes dêr’t mar inkelt

ien stjer yn ljochtsje kin,

in slûge mûdhûn sleau

syn tiid yn dream fergriemt

dêr hâlde wy ferbliuw

ûnder in spjir dy’t sûntsjes skriemt

oer de jongste stream

 

Dêr’t de moanne stil en sedich

syn sulver struit oer’t lân,

dêr bin wy ien en fredich,

ferstring’le hân yn hân.

Wy dûnsje ús in paad

troch it aldertsjokste skaad,

sa lang’t de moanne skynt;

gjin minsk dy’t ús noch fynt.

 

En mei ús giet de wize,

syn earnst sa wier sa tear.

Wy hearre ut de dize

gjin kjeltsjes balten mear.

Gjin kij mear op ‘e stal

dy’t roppe om har hea.

 

Mei giet it keningsbern

om nei syn mearkeslân te tsjen.

dêr’tst ‘m nea wer fine silst

Want de wrâld is sâlt fan triennen

mear as’t begripe kinst.

5. Pylger (Pyt Jon Sikkema)

 

Het lied is geschreven door Enya, zangeres van de Ierse groep Clannad.

De prachtige tekst gaat over de vraag waartoe wij hier op aarde zijn. En waar we waarheid kunnen vinden. In religie? In rijkdom? Of wellicht in je zelf….?

 

Pylger, fier moatst reizgje, de wei om te ferstean

Wêrom’t de winen wylje en wêr’t fertelsels gean’

Tiden hawwe tiden en dit begryp moatst ha:

Feroarest net wat west hat mar inkeld wêr nei ta

 

D’r is ien wei nei juwielen, d’r is ien wei nei in skat

En ’n oare wei liedt inkeld, nei alles wat men moat

Djip yn ’t hert wolst witte wat ’t wiere is foar elts

De wei fan nearne hinne, de wei fan nei dysels

 

Silst it antwurd fin’ yn al watste dochst en seist?

Silst it antwurd fin’ yn dy sels?

 

Elts hert is in pylger, eltsien wol ’t ferstean

Wêrom’t de winen wylje en wêr’t fertelsels gean’

Pylger, fier moatst reizgje, troch sinneskyn en mist

Want pylger, ’t is in ein om te begripen wa ast bist

Pylger, ’t is ‘n hiel lang ein te begripen wa ast bist

7. Swalker (Hylke Tromp)

 

In Ierland is het lied bekend als “Carrick Ferguss”. Voor het eerst opgenomen door the Dubliners.

Geert geeft aan dit nummer een bijzonder bluesy karakter door zijn mondharmonica te laten janken, piepen en knarsen. En terecht; want de hoofdpersoon van dit lied blaast aan het eind zijn laatste levensadem uit….   

 

No’k hast tenein bin, meist it wol witte,

wok nei dy ta, noch in dei as fiif.

Noch ien kear by ús hurdstee sitte.

Ik krij de kjeld net út myn wurge liif

Mar de see is djip en ’k kin net swimme

en om te fleane bin ik te wrak

Woe in âld fisker my mar meinimme,

earst as ’k by dy bin, bin ik te plak.

 

Ik wol net langer oan eartiids tinke,

myn jonge blidens, sa lang ferlyn:

Elts skip moat ienris yn ’t needwaar sinke:

’t is mei my dien, ik bin net langer blyn.

’k Haw alles sjoen, neat koe my bine,

it gêrs wie rûnom hast like grien.

Faaks sil ’k by dy skylk  myn rêst wol fin

op in stil stee ûnder in kâlde stien.

 

De wite wurden kin elts dêr lêze

Yn ’t moarmer houd, swart as  de hel:

“Nea woe ik oars as by dy wêze,

mar ’k joech my iderkear by oaren del.”

Hjoed bin ’k wer smoar, ik haw ien nommen,

ik, dronken swalker, sûnder rêst,

mar no is ’t út,  myn tiid is kommen:

stopje my ta, ’t is foar it alderlêst

9. Oan’e dyk fan Keimptille (Marten Sikkema)

 

Net als Langstme komt dit lied uit het Frysk Lietboek. Ook dit lied moest natuurlijk passen in het concept van de cd en werd voorzien van een Iers jasje. Als je goed luistert zitten er nogal wat snaarinstrumenten in verborgen: mandola, mandoline, bouzouki, gitaar en bariton gitaar.

Tip: Fiets of wandel eens “oer de dyk” naar het pontje van Keimptille;  met dit lied lekker hard op je koptelefoon.

 

De jûntiid omstriele us sa wûndere bliid

En de fûgels hja songen fan wille

Want jong wie us hert yn’e gouden simmer tiid

Oan’e smelle griene diik fan Keimptille

 

Wij leaven it libben, wy leaven elkoar

Lyk as bern dy’t nei dreamelân fleane

De loft rûze sêft en de wrâld wie klear en hoar

Oan’e smelle griene diik fan Keimptille

 

Mar leafde en simmer hja moasten fergean

Lyk as’t lûd fan de fûgels fertrille

Hja hat my farwol sein en ienlik bleau ik stean

Oan die smoarge griene diik fan Keimptille

2. Memmelân (Pyt Jon Sikkema)

 

Vaak hoor je Friezen “om utens” vertellen dat, ondanks dat ze al sinds mensenheugenis uit Friesland zijn vertrokken, ze zich geen burger voelen van het land waarnaar ze zijn toe verhuisd. Maar dat ze zich ook niet meer ‘Fries’ voelen. Dit gevoel van “nergens echt bij horen” komt in het lied tot uiting doordat de tekst zowel in het Engels als in het Fries wordt gezongen. De mensen in dit lied hebben heimwee en willen graag weer terug naar hun Memmelân. Het nummer wordt daarom symbolisch afgesloten met een stukje uit het Friese volkslied.

Pyt Jon Sikkema gebruikt in het refrein oude Friese woorden die zelden nog worden gebruikt……Prachtig!

 

Where in hell can you go,

far from the things that you know,

Far from this sprawl of concrete

that keeps crawling it’s way,

About a thousand miles a day.

 

Sjoch noch ien lêste kear

Dit en ferjit ut noait wer

Dit silst net misse

In punbult as dizze ast giest

En gjin triennen ferjjitst

 

memmelân, hoedzje my, rûjkje my, sûj m’ yn’e sliep

Hôd my fest, rest mei my, lees jir nêst my, blo no

 

en mefrou Lef-foar-elk, winkeltsje ûnder de skelk

wat sjochst foar o-hedens, foar waansin en wredens en lust

datst der aaklik fan wurdst

 

ut gelok fan dy is myn djipste winsk

En foar sok lok gean ik oer elke grins

Stribbest nei de libbenslust en ut leafdeslok

Ot it helpe kin, gean ik oer de grins

 

Take one last look behind,

Commit this to memory and mind

Don’t miss this wasteland

this terrible place when you leave

keep your your hand of your sleeve

4. Op’e simmerwei (Pyt Jon Sikkema)

 

Pyt Jon heeft op eigen wijze het bekende lied “On Raglan Road” in het Fries vertaald. De oorspronkelijke tekst is van Patrick Kavanagh die het gedicht kort na de oorlog schreef. Het beschrijft het waargebeurde verhaal van de dichter die tot zijn oren verliefd wordt op een betoverende vrouw met prachtige zwarte haren. Hij probeert haar liefde te winnen door haar in gedichten de liefde te verklaren. Maar mede door het grote leeftijdsverschil (zij was 22, hij was 40) werd het allemaal niets. Met een prachtige whistle-partij van Evertjan.

 

óp e simmerwei óp un mistge dei

óp e easte blik hie k sjoen

dot har swatte hier lykos snaren wie

dyt my ea ferstrikke koen’

ik seag t gefaar mar ferfólge t paad

oer dy swiet betsjoende wei

en ik tocht oer smet os un fôlend blêd

by ut daagjen fon e dei

 

óp e kealewei     dy novimberdei

wipten w’oer de wôlen hinn’

fon dy djippe feat dêrt de speegling leart

wot lusts wudden wuddeg bin

myn goadin fon t het wêróm smeide k net

t hyte izer dot dêr lei?

o ik hood fon har eins tefólle, mar

smiet ut lók sadwaande wei

 

ik jûg har jeften des geastes

tekens fwar t meast geheim

mar bekind by ut fólk dot tinkt

en dêrt skeppend’ inkt

út e skreppende pinne rint

gjin liet noch lûûd, gjin byld noch dûk

nee, gedichten jûg k har mei

dêrt har namm’ yn stie en har swatte hier

os un wólk oer de fjilden lei

 

óp ut efteróm mids de spûkeblómm’

kaam ik kwatlyn har wer tsjin

mar se draaide sa hud de rêg my ta

dot ut skeat my skerp yn t sin:

dy manier fon frijen wie fout fon mij

ik kaam hàr os n klaaipóp nei

is un ingel slij nei de klaai, don ’s hij

d’ wjókken kwyt by de dagedei

6. Langstme (Fedde Schurer)

 

Een lied rechtstreeks uit het Frysk Lietboek. Al jaren was het mijn wens om dit Friese lied in een Iers arrangement op cd te zetten. In de reel “Promenade” die er op volgt gaat Geert Oude Weernink los op zijn trekharmonica. Even later neemt Germ het met percussie van hem over.

 

 

Silst no troch de stiltme komme

Driuwende as in wite do

O du witst doch dat dyn jonge

Nea sa iensum wie as no

 

Lit no sêft myn holle rêste

oan it weagjen fan dyn boarst

Lit myn eagen dingen sizze

dy’t ik nea betinke doarst

 

‘k Wol om dy allinne tinke

as myn suverste besit

‘k Wol de mylde togen drinke

dy’t dyn trouwe treast my jit

 

Mei myn wurge holle rêste

Oan’t weagjen fan dyn boarst

‘t is myn leafste lok, it beste

dat ik ea betinke doarst

8. Reizger (traditioneel)

 

Reizger bestaat uit twee Keltische instrumentals. “Breakout” is een langzame jig (een Ierse dans in 6/8). Ik heb me laten vertellen dat Micheal Flatley deze tune heeft verwerkt in zijn dansshow “Lord of the Dance”. Het  wordt vervolgd met een andere traditionele tune in de bijzondere maatsoort 6/4. Deze melodie met de naam “Gavotte” ken ik van de Ierse band Lúnasa.

10. Briefke (Jurjen van der Meer)

 

Oorspronkelijk titel is “The sick note” en met veel humor vertaald door Jurjen van der Meer.

In het lied schrijft / typt onze held een brief aan zijn baas. Hij legt uit waarom hij zich ziek heeft gemeld. Je voelt zijn pijn wanneer Geert zijn mondharmonica laat knarsetanden.

 

Hee baas, ik skriuw dit briefke, want ik fiel my net sa goed.

Ik bin eins net by machte om foar jo te wurkjen hjoed.

It rinnen jout problemen en ik krij myn skuon net fêst.

Miskien wie ’t better en bliuw earst mar eefkes yn  ’e rêst.

 

Jo witte, ’k wurkje al wiken boppe oan dy nije flat.

Ik ha der justermiddei krekt it lêste muorke set.

Soks is, sa heech yn waar en wyn, bêst noch in hiele toer.

Mar ’t slagge en ik hold ek noch sa’n 40 stiennen oer.

 

Dy stiennen moasten doe fansels wer nei de fêste grûn.

Mar om it spul te goaien like my net al te sûn.

En stien foar stien de trep bydel wie ek in hiel gesjou.

Doe seach ‘k yniens dy tonne, in katrol en in stik tou.

 

De tonne waard in takel en ik goaide ’m fol mei stien.

It tou dat hie ik ûnder handich om in pealtsje dien.

Mar doe ‘t ‘k de knoop derút die foel de saak as in blok lead,

en mei it tou goed stevich beet bin ik omheech lanseard.

 

Sadree ’t de tonne ûnder wie feroare it gewicht.

Der foelen frij wat stiennen út, sa waard de tonne licht.

Doe skeat dat ding de loft wer yn en wie ik swier de klos.

Ik dondere  nei ûnderen en liet it toutsje los.

 

De tonne, healfol stiennen, foel doe lyk op my  werom.

Sa bruts ik trije ribben en myn earm fleach út ’e kom.

En mei in skedelbasis en in skuorke yn myn kin,

hoopje ik dat jo begripe dat ik hjoed net wurkje kin.

11. Faderpaard (Tsjebbe Hettinga)

 

Een prachtige stukje poëzie uit het indrukwekkend Faderpaard van Tsjêbbe Hettinga.

De stem van Tsjêbbe stem is verweven met een oude Friese melodie; het Dockumer Klockenspel dat gespeeld wordt op twee bouzouki’s en een baritongitaar. Het nummer vormt met de kerkklokken de afsluiting van de cd en is een eerbetoon aan “ús memmelân”. 

 

Lit no de sinne troch de fjilden tûgje

En it gers him de ûnskuld fan’e jeugd heugje

Lit wiid de súdewyn, de fier toer

syn iere oere troch de tiidleaze greiden struie

En lit it genot komme as in freon fan fier

Toait yn swierige ferhalen.